Kop keunstwurk walfisk pleatst yn Alde Lombardsteech

12 aug 2015 - 09:59
  • De kop fan de walfisk yn de takels

Yn de Alde Lombardsteech yn Ljouwert is woansdei de kop fan in walfisk pleatst. It giet hjir om in ûnderdiel fan 18 meter fan in bysûnder keunstwurk. It is in skelet fan in walfisk fan mear as 60 meter lang, dat boppe de steech hinget. De keunstner dy't it objekt makke hat is Giny Vos út Amsterdam.

Yn it keunstwurk is in bysûndere LED-ferljochting oanbrocht. De offisjele ûntbleating is op tongersdei 27 augustus. De winkellju ferwachtsje ekstra klandyzje troch it keunstwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)