Kooyenga: 'sweeftrein is ûnsin'

18 apr 2003 - 00:00

It sukses fan Fryske ûndernimmers hinget net ôf fan in sweeftrein of fan ferdûbeling fan diken. Sy moatte sels aktiver en ynvintiver wêze. Dat fynt sakeman Romke Kooyenga fan de suksesfolle Kooyenga Groep.

Tongersdei presintearre Kooyenga in nij ûnderdiel fan syn bedriuw. Hy neamde dêrby Fryslân in prima plak om te ûndernimmen. De sweeftrein betitele er as 'hiele grutte ûnsin'. 'Dêrtroch ferliest Fryslân syn sjarme.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)