Kooyenga Groep wreidet út

03 jun 2011 - 16:05
  • Romke Kooyenga

De Kooyenga Groep fan detasjearringsmagnaat Romke Kooyenga yn Dokkum wreidet út. Yn koarte tiid ha se fjouwer bedriuwen opkocht. Dêrtroch komme der 115 wurknimmers by. Neffens Kooyenga is de resesje krekt de goede tiid foar oernames.

Alles byinoar hat it in ynvestearring fan noch gjin miljoen euro west. Se ha ûnder oaren Keizer C.S. út Amsterdam wer werom kocht, neidat se it twa jier lyn foar 16 miljoen euro ferkocht hienen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)