Kooyenga Groep bestiet 20 jier: grut feest

19 jun 2015 - 18:47

Sa'n 1000 gasten fiere freed yn Beetstersweach dat de Kooyenga Groep fan Romke Kooyenga 20 jier bestiet. Op it terrein fan Hotel Lauswolt is in grut feest organisearre troch de Kooyenga Groep. Der wiene taspraken fan ûnder oare boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel. Freedtejûn binne der noch optredens fan Nederlânske topartysten, lykas Marco Borsato.

De Kooyenga Groep docht in soad wurk yn opdracht fan gemeenten. Kooyenga ferwachtet de kommende jierren dan ek noch mear drokte, om't gemeenten der hieltyd mear taken by krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)