Kooyenga ferwachtet grutte groei

06 apr 2005 - 06:27

De Kooyengagroep ferwachtet binnen no en twa jier in grutte groei troch te meitsjen. By it advys- en detasjearringsburo yn Dokkum wurkje yn it jier 2007 seishûndert minsken, sa is de ferwachting. No binne dat noch trijehûndert.

In grutte Europeeske útstjoerketen hat okkerdeis in bod fan tusken de 50 en 100 miljoen euro op Kooyenga útbrocht. De bruorren Kooyenga gean dêr net op yn. Se wolle selstannich bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)