Kooyenga-Audi foar de Kening

27 feb 2014 - 14:02
  • De Audi fan Romke Kooyenga

De nije Audi fan Kening Willem-Alexander is in ûntwerp fan Romke Kooyenga fan Dokkum. Kooyenga hie al sa'n Audi foar himsels. De Kening hat no ek ien meitsje litten foar ûngefear 400.000 euro. It iennichste ferskil mei dy fan Kooyenga is dat dy fan Willem-Alexander pantsere is.

Kooyenga krijt as it goed is 25.000 euro provyzje fan it keningshûs, omdat hy patint hat op it ûntwerp fan dizze langer makke Audi. De Kening is neffens Kooyenga wei fan it Dútske merk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)