Koos Dalstra easket smartejild

11 nov 2003 - 00:00

De Fryske keunstner Koos Dalstra moast moandei tsjûgje foar it gerjochtshôf fan Amsterdam yn 'e saak-Scholte. Hy easket 7500 euro smartejild fan skilder Rob Scholte. Dy beskuldiget him fan 'e bomoanslach dêr't er beide skonken by ferlear, yn 1994 yn Amsterdam.

Foar de plysje hat Dalstra nea in serieuze fertochte west. De rjochtbank feroardiele Scholten earder ek al ta skeafergoeding, mar dy gie yn heger berop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)