Koornbeurs wol kommersjeler

27 nov 2009 - 10:38
  • It Frjentsjerter teater De Koornbeurs

De Koornbeurs yn Frjentsjer wol kommersjeler wurde. Dat stiet yn in ferbetterplan dat it teater makke hat. Troch minder foarstellings yn te plannen bliuwt der mear romte oer om de sealen te ferhieren oan oare partijen. Mei it jild dat dat opsmyt moat De Koornbeurs better te eksploitearjen wêze.

Om it ferbetterplan út te fieren hat it teater 240.000 euro krigen fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)