Koornbeurs minder teater

22 nov 2013 - 09:43
  • De Koornbeurs yn Frjentsjer

De Koornbeurs yn Frjentsjer kriget yn de takomst mooglik minder de funksje fan teater. Om it teater yn syn hjoeddeiske funksje bestean te litten, soe der 70.000 euro gemeentlike subsydzje by moatte. Dat jild hat de gemeente der net foar reservearre.

De mearderheid yn de gemeenteried fynt in ekstra bydrage net ferantwurde, want Frjentsjerteradiel hat de kommende jierren in tekoart fan 1,3 miljoen euro. Der sil no in foarstel útwurke wurde foar in soberdere Koornbeurs. De gemeenteried nimt dêr letter in definityf beslút oer.

In minderheid fan de partijen yn de gemeenteried fynt dat de 70.000 euro subsydzje foar de Koornbeurs mei wat kreativiteit wol te finen is.

Koornbeursdirekteur Lineke Kortekaas warskôget dat De Koornbeurs syn funksje as teater kwytrekket, as der noch minder foarstellings as no hâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)