Koornbeurs krekt op tiid klear

02 okt 2004 - 14:38

De Koornbeurs yn Frjentsjer wie freed krekt op 'e tiid klear foar de earste foarstelling nei de ferbouwing. Middeis wiene de skilders noch oan it wurk, in pear oeren letter stie Jan Rietman mei syn band op it poadium.

Om de ferbouwing hat in soad te dwaan west. De gemeente hat de bou in skoft stillein om't net wis wie oft de fundearing wol sterk genôch wie om it nije balkon te dragen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)