Koornbeurs hâldt op mei revue

23 feb 2001 - 16:04

Nei 17 jier falt it doek foar de nijjiersrevue fan Frjentsjer. Neffens skouboarch De Koornbeurs komt der te min publyk op ôf.

Dit jier wienen der mar 788 beteljende besikers. Om út de kosten te kommen moatte dat der twa kear safolle wêze. Sûnt in pear jier bringt De Koornbeurs in revue yn nije styl. Der komt lykwols ek net wer in revue âlde styl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)