Koops teloarsteld yn Bergsma

22 feb 2014 - 18:50
  • Bûnscoach Arie Koops

Bûnscoach Arie Koops is teloarsteld yn Jorrit Bergsma. Dat sei er nei ôfrin fan de ploege-achterfolging yn Sotsji. 'Natuurlijk mag je afhaken, maar dat moet je dan een maand van tevoren doen, en niet een dag voor de wedstrijd', sa fûn er.

Bergsma joech as reden dat er him gjin ûnderdiel fielde fan de manljusploech. 'Daar kan ik me niets bij voorstellen', liet Koops as reaksje witte. 'Ik begrijp wel dat hij baalt dat hij niet rijdt. Maar het gaat hier om het resultaat. Ik ga niet wisselen om het wisselen.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)