'Koops hoecht net te beteljen'

10 jun 2009 - 11:39
  • De Ried fan tafersjoch fynt de regeling mei Koops 'net te djoer'

It Friesland College tinkt der net oer de beleanning fan âld-topman Klaas Koops werom te freegjen. Dat seit André Olijslager, de foarsitter fan de ried fan tafersjoch. Steatssiktaris Van Bijsterveldt wol dat de fergoedingsregeling foar Koops weromdraaid wurdt.

De âld-topman krijt nei syn ûntslach as foarsitter fan de ried fan bestjoer in miljoen euro foar advyswurk. Neffens Olijslager is dizze regeling goedkeaper as in ûntslachregeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)