Koopmans mealt mei nije mole

18 jan 2008 - 16:07
  • De nije moalmole sparret in soad jild út

By Koopmans moalfabriken yn Ljouwert is freed in nagelnije mole yn gebrûk naam. Mei it yn wurking stellen fan it apparaat is in ein kaam oan fiif jier fan ynvestearrings. Der is no foar goed 30 miljoen euro ynvestearre yn it moalfabryk. It produksjeproses is no effisjinter en dat besparret jild.

It fabryk stiet der finansjeel goed foar en der kin no nei de takomst sjoen wurde. Dy leit yn it op maat leverjen fan ferskillende moalsoarten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)