Koopmans kolleezje: gjin brief fan ynspeksje krigen

15 apr 2015 - 10:54
  • It Tjalling Koopmans Kolleezje

It bliuwt ûnwis wat der barre sil mei de havo op it Tjalling Koopmans Kolleezje yn Hurdegaryp. De skoalle moat neffens de ûnderwiisynspeksje ophâlde mei lesjaan op havo-nivo omdat it der gjin fergunning foar hat. Ek moat de skoalle ophâlde mei reklame foar de havo op de webside fan de skoalle. Dat stiet yn in brief fan de ûnderwiisynspeksje oan de skoalle. Mar de skoalle seit dat se it brief hielendal noch net krigen hawwe.

De ûnderwiisynspeksje driget de skoalle mei hege boetes.

Dy kinne oprinne oant yn de tsientûzenen euro's, seit wurdfierder Han van der Vlies fan de ûnderwiisynspeksje. De skoalle stiet foar persoanlik ûnderwiis yn lytse klassen en lûkt dêrmei in soad nije learlingen. De skoalle hie sels ferwachte op koarte termyn in fergunning foar havo-ûnderwiis te krijen, mar de ynspeksje dielt dy ferwachting net. De koepels foar iepenbier en bysûnder ûnderwiis hiene in klacht oer it Koopmans Kolleezje by de ynspeksje yntsjinne.

It direksje hat alle âlden yntusken in brief stjoerd as reaksje oer de berjochtjouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)