Koopmans: gjin priisôfspraken

14 jan 2010 - 17:05
  • Koopmans Moalfabryk

Koopmans Meel BV út Ljouwert is ûnoangenaam ferrast troch in ûndersyk fan de NMA, de Nederlandse Mededingings Autoriteit. Dy tinkt dat der yn de moalyndustry priisôfspraken makke wurde.

Koopmans ûntkent dêrby belutsen te wêzen en wachtet de útkomsten dan ek rêstich ôf. Ek al omdat it ûndersyk him benammen rjochtet op leveringen oan de yndustry, tusken 2001 en 2007, wylst Koopmans him rjochtet op leveringen oan ambachtlike bakkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)