Koopmans folget Nobelen op

24 jun 2013 - 17:03
  • Lense Koopmans

Professor Lense Koopmans sil tegearre mei Jos Vaessen it ûndersyk útfiere nei de stân fan saken by SC Hearrenfean. Koopmans nimt it plak yn fan bestjoerskundige Paul Nobelen, dy't de opdracht snein wer weromjoech. Koopmans en Vaessen sille tiisdei mei it ûndersyk útein sette. De manlju ferwachtsje trije oant fjouwer wike nedich te hawwen. Under it ûndersyk sille se 'radiostilte' yn acht nimme.

De belutsenheid fan foarsitter Koopmans waard moandei bekend makke op in parsekonferinsje fan it stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean.

Op de parsekonferinsje die it bestjoer ek in oprop oan de fans fan de fuotbalklup om foarearst gjin aksjes mear te hâlden tsjin de lieding fan de klup, mar, lykas alle oare belutsenen, earst de útkomst fan it ûndersyk fan Koopmans en Vaessen ôf te wachtsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)