Koöperaasje wol sinnepanielen op dakken bedriuwen De Gordyk

15 mrt 2016 - 07:44
  • Sinnepanielen

In koöperaasje foar lokale enerzjy hat plannen om 20.000 sinnepanielen te pleatsen op De Gordyk. De Lokale Enerzjy Koöperaasje Opsterlân, de LECO, hat mei seis bedriuwen oerienstimming berikt oer de sinnepanielen. Dy moatte op de platte dakken fan de bedriuwen komme. Dat hat as foardiel dat der gjin aparte fergunning foar nedich is. Dat is by in sinnepark op de grûn wol it gefal.

De LECO hopet yn de earste faze al goed 8.000 sinnepanielen pleatse te kinnen. Foardat dat bart, is der noch wol jild nedich. De LECO freget dêrfoar subsydzje fan it Ryk. De opbringsten fan de sinne-enerzjy geane nei de leden, dat binne de doarpen fan Opsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)