Koopal komt min út AD-test

29 des 2005 - 11:15

De oaljekoeken fan Koopal oan it Raadhuisplein yn Drachten binne fan in strieminne kwaliteit. Alteast at je de test fan it AD leauwe meie. De oaljekoeken fan Koopal krije it sifer 3,5. Twa jier lyn hie Koopal neffens it AD noch de bêste oaljekoeken fan Fryslân.

De gebakskream op de Prins Hindrikbrêge yn Ljouwert kaam better út de test fan it lanlik deiblêd. Dêr krigen de oaljekoeken it rapportsifer 8,5.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)