Koolhof wurdt Ingelske manager

28 feb 2008 - 13:36
  • Jurrie Koolhof

Cambuur-trainer Jurrie Koolhof sil takom jier as in soarte fan Ingelske manager funksjonearje. Dat betsjut dat er folle minder op it fjild stean sil as no en him mear mei it technyske belied dwaande hâldt. Hy bliuwt wol einferantwurdlik foar it earste alvetal.

Nei alle gedachten komt der dêrom in ekstra fjildtrainer by. Wa't dat wurdt, is op dit stuit noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)