Koolhof nije trainer Cambuur

15 mrt 2007 - 11:49

Jurrie Koolhof (47) wurdt de nije trainer fan Cambuur. Hy hat in kontrakt foar twa jier tekene, dat yn july yngiet. Koolhof wurdt de opfolger fan Roy Wesseling, dy't yn febrewaris ûntslein waard troch Cambuur.

Koolhof wie as spiler ûnder oar aktyf by PSV en Grins en kaam ek út foar it Nederlansk alvetal. As coach wurke er by De Graafschap, AGOVV, Dordrecht en MVV. By dy lêste club waard er yn febrewaris ûntslein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)