Kooistra kampioen Frysk Damjen

23 mrt 2004 - 00:00

Taeke Kooistra út Hartwert is moandei yn Aldegea (W.) kampioen Frysk damjen wurden. Hy behelle syn titel nei in beslissingswedstriid tsjin Marten Walinga út Aldegea (W.). Kooistra moast oardel wike lyn noch it earste plak diele mei Walinga. In twakamp moast útwize wa't de bêste wie.

Kooistra wie al acht kear earder kampioen Frysk Damjen. It rekord stiet op namme fan Stinus de Groot. Hy behelle de titel tolve kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)