Kooistra kampioen ballonfarren

13 maaie 2013 - 09:28
  • Kooistra foaroan yn aksje by it ûnderdiel markerdrop
  • It poadium fan it NK ballonfarren

Ballonfarder Johannes Kooistra fan Sint Jânsgea is snein Nederlânsk kampioen wurden. Der wiene 27 dielnimmers by it Nederlânsk kampioenskip yn it Drintske Wezuperbrug. De ballonfarders moasten yn trije ballonfearten njoggen opdrachten útfiere.

Kooistra hie in spesjale wedstriidballon meitsje litten, dêr't hy goed mei manoeuvrearje kin. Troch syn titel kin Kooistra no ek meidwaan oan it wrâldkampioenskip yn Brazilië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)