Kooistra jout FNV-leden dien

22 feb 2012 - 15:05
  • Kooistra kleding Winschoten

De direksje fan Kooistra's Kledinghuis hat de FNV-leden fan de filialen yn Appingedam en Winschoten ûntslein. Neffens de fakbûnen ha de meiwurkers dien krigen om't se in petysje ûndertekenen dêr't yn easke waard dat de direksje fan Kooistra him oan de CAO hâlde moat.

FNV-bestjoerder Gea Lotterman is poerrazend op de direksje en wol alle beskikbere middels ynsette om de ûntslaggen werom te draaien. Kooistra hat tsien kleansaken yn it noarden wêrfan fiif yn Fryslân. It haadkantoar fan it bedriuw sit yn Ljouwert.

Neffens direkteur Sienema hat it ûntslach fan de meiwurkers neat te krijen mei de petysje. De filialen yn Winschoten en Appingedam draaie neffens de direksje al jierren mei ferlies en wurde dêrom sletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)