Kooistra ferliest wer ris

08 mrt 2007 - 13:47

Dammer Taeke Kooistra fan Hartwert hat foar it earst sûnt fjouwer jier wer ris in party Frysk damjen ferlern. Jouke Algra fan Itens soarge foar de nederlaach fan Kooistra yn de tredde ronde fan it kampioenskip Frysk damjen.

Troch de oerwinning stiet Algra mei noch fjouwer ronden te gean earste. Kooistra, Walinga en Wijbinga folgje mei in heale punt efterstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)