Kooistra bliuwt damkampioen

06 mrt 2011 - 15:35

Damfenomeen Taeke Kooistra fan Hartwert hat sneon de titel kampioen Frysk Damjen opeaske. Op De Gaastmar hie Kooistra yn de lêste twa omlopen in foarsprong fan in punt, en dizze joech hy net mear fuort. It wie de fjirtjinde kear foar de Hartwerter, dy't syn earste titel al yn 1986 behelle.

Twadde waard Marten Walinga fan Waaksens, dy't likefolle punten hie as Tsjerk Wijbinga út Arum, mar in better ûnderling resultaat behelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)