Kooi Security nei bankgebou

18 okt 2013 - 15:16
  • It âlde bankgebou oan de Zonnedauw yn Drachten

Befeiligingsbedriuw Kooi Security sil ein dit jier ferhúzje nei it gebou oan de Zonnedauw yn Drachten dêr't foarhinne de Nederlânske Bank yn siet. It befeiligingsbedriuw sit op dit stuit oan De Gaffel op it Drachtster yndustryterrein. It âlde bankgebou is sûnt koarten oankocht troch de oandielhâlders fan Kooi Security.

It bedriuw leveret systemen foar befeiling op ôfstân, lykas ljocht- en bewegingsapparatuur en saneamde UFO's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)