Koöperaasje 2018 wol reaksjes

28 des 2011 - 21:06
  • Kulturele Haadstêd 2018

De Koöperaasje 2018, in groep minsken achter Ljouwert Kulturele Haadstêd, hat oant no ta hast gjin reaksjes krigen op harren blaudruk foar in bidbook. Dat stik 'Nocht oan de takomst' is publisearre yn De Moanne en op ynternet, mar oant no ta is der amper op reagearre.

Abe de Vries fan Koöperaasje 2018 frege dêrom woansdei op it Krystkongres fan de Fryske studinten om it stik te lêzen en te reagearjen. De Vries fynt it wichtich dat safolle mooglik minsken belutsen binne by it skriuwen fan it bidbook foar Ljouwert Kulturele Haadstêd.

It Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske studinteferienings stie woansdei yn it teken fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. De studinten woene graach yn diskusje mei kertiermakker Henk Keizer, mar dy melde him siik. Yn it plak fan Keizer gie bestjoerslid Anje Wester mei de studinten yn diskusje. Sy wol it negativisme yn de diskusje oer Ljouwert Kulturele Haadstêd ombûge yn positivisme. Ljouwert is neffens har in goeie en kânsrike kandidaat yn de race om Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)