Konvinsje Achlum goed ferrûn

29 maaie 2011 - 13:02
  • Bill Clinton by de tsjerke fan Achlum (foto Hayo Bootsma)

De konvinsje fan Achlum is sneon sûnder problemen ferrûn. De konvinsje waard organisearre troch fersekerder Achmea. Yn it ramt fan it 200-jierrich bestean wiene tal fan Nederlânske pommeranten útnoege om te praten oer solidariteit.

Ald-presidint Bill Clinton hâlde in taspraak oer hoe't de wrâld der op it stuit foarstiet en hoe't wy dat ferbetterje kinne. Nei ôfrin naam Clinton de tiid om de tsjerke te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)