Kontrôles yn Snits en Wymbrits

11 sep 2009 - 11:04

By in tal kontrôles yn Snits en Wymbritseradiel hat de plysje tongersdei in soad bekeurings útdield. Minsken dy't noch selstraf tegoede hiene of boetes noch betelje moasten, krigen de plysje ek oan de doar.

Minsken krigen bygelyks in bon foar te hurd riden, omdat se de rym net omhiene yn de auto of omdat se troch read rieden. Op de rûnwei fan Snits waard op njoggen auto's beslach lein, omdat de eigners in belestingskuld iepenstean hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)