Kontrôles yn Smellingerlân

11 okt 2008 - 13:06

De plysje yn de gemeente Smellingerlân en Opsterlân hat de ôfrûnne moannen 35 kontrôles útfierd op plakken dêr't in soad ferkearsklachten oer kamen. Op de 50, 60 en 80 kilometerdiken binne yn totaal hast 40.000 auto's kontrolearre.

Der is mear as 4500 kear proses-ferbaal opmakke. De resultaten fan dizze kontrôles binne foar de plysje oanlieding om troch te gean mei de snelheidskontrôles.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)