Kontrôles lânbouferkear

17 sep 2013 - 11:29
  • Trekker

Lânbouferkear wurdt mei yngong fan dizze wike ekstra goed yn de gaten hâlden troch de plysje. Dat is nedich, omdat út foarige kontrôles nei foaren kaam dat in soad lânbou-weinen net yn oarder binne. Sa wurket de ferljochting faak net goed en stekke ûnderdielen te fier út.

Boppedat komt de plysje wolris in lading tsjin dy't net goed fêstmakke is. Dat is gefaarlik foar oaren yn it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)