Kontrôle yn Lauwersmargebiet

05 jul 2009 - 14:49

By in miljeukontrôle yn it Lauwersmargebiet ha twa fiskers sneon in proses-ferbaal krigen omdat se net yn it besit wiene fan in fiskpas. Yn totaal binne der 24 fiskers kontrolearre.

Der waard ek op drank kontrolearre. By 48 skippers waard in blaastest ôfnaam. Net ien fan de skippers hie te folle dronken. Twa skippers krigen in boete fan 360 euro fanwege it farren mei in snelle motorboat, wylst se gjin lyts farbewiis hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)