Kontrôle yn Fryslân op fûgelpest

10 mrt 2003 - 00:00

By in tredde part fan de Fryske pikehâlders sille moandei en tiisdei bloedmeunsters fan de hinnen naam wurde om te besjen oft der ek sprake is fan besmetting mei de klassike fûgelpest.

Yn Fryslân sille 45 fan de 140 pikehâlderijen kontrolearre wurde. It ûndersyk wurdt útfierd yn opdracht fan it ministearje fan Lânbou. It ministearje hâldt der rekken mei dat yn Nederlân in twadde fariant fan it fûgelpestfirus aktyf is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)