Kontrôle by start sportfiskseizoen

31 maaie 2015 - 10:51

De plysje hat sneon sportfiskers kontrolearre. De kontrôle waard hâlden omdat it sportfiskseizoen krekt wer los is en wie in gearwurking fan Sportvisserij Fryslan en Toezichtkring Natuurhandhaving fan de plysje.

Mei seis boten en trije auto's waard yn de provinsje surveillearre. Der binne 232 sportfiskers kontrolearre. Twa krigen in proses-ferbaal foar fiskjen libben aas en fiskje sûnder pas. Fierder binne guon warskôge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)