Kontrôle smyt soad jild op

29 sep 2011 - 10:23

De plysje hat woansdei op de A7 by Wûns in ferkearskontrôle holden. De belestingtsjinst en de keninklike maresjesee diene der ek oan mei. De kentekens fan goed 2900 auto's waarden scand. As noch boetes betelle wurde moasten of der wie in belestingskuld, waard dy auto fan de dyk helle.

Fjouwer automobilisten betellen mei-elkoar goed 3200 euro oan iepensteande belestingskulden. Twa oare autobestjoerders moasten hast 4000 euro betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)