Kontrôle smyt 5000 euro op

11 okt 2013 - 16:18

De plysje en Belestingtsjint hawwe tongersdei in ferkearskontrôle hâlden op de Grinzerstrjitwei en de Heliconwei yn Ljouwert. In kontrôle-auto mei automatyske nûmerplaat registrearre auto's. Mei-inoar waarden sa fiiftûzen auto's kontrolearre.

De Belestingtsjinst naam santjin auto's yn beslach. Boppedat moasten ferskate bestjoerders harren belestingskuld fuortendaliks betelje. Dêrmei waard in bedrach fan goed fiiftûzen euro oan iepensteande belestingskuld ynbard. Fjouwer kear is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)