Kontrôle slûpferkear Boksum

22 nov 2008 - 13:46

By in kontrôle op de Nijlânsdyk by Boksum hat de plysje freedtemoarn yn fyftich minuten tiid fyftich oertreders oanhâlden. De dyk is sûnt in skoftke yn spitstiden sletten foar trochgeand ferkear.

Doel fan de ôfsluting is it slûpferkear fan en nei Ljouwert tsjin te gean. Earder hat de plysje al warskôgings útdield, de kommende tiid sil der skerper kontrolearre wurde. Alle fyftich bekeurde automobilisten wisten dat de dyk ticht wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)