Kontrôle skûtsjesylpublyk Grou

29 jul 2012 - 14:19

De plysje hat sneon by it skûtsjesilen yn Grou wettersporters kontrolearre. Mei-inoar 44 skippers moasten in blaastest dwaan. Fjouwer fan harren hiene te folle alkohol op.

Der is fierders trije kear proses-ferbaal opmakke foar hurdfarren en ien kear foar ferkearde registraasje fan in boat. Yn ien gefal wie de skipper te jong. Dy krige ek in proses-ferbaal. In behearder fan in boat krige in warskôging foar te lûde muzyk.

De plysje fierde de kontrôle op en om it wetter út yn 'e mande mei de havenmaster fan Grou, tafersjochhâlders en de Provinsje Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)