Kontrôle skippers Waadgebiet

03 nov 2009 - 20:58
  • De rekreaasjefeart moat syn gedrach oanpasse oan de natuer

Rekreaasjeskippers yn it Waadgebiet wurde de kommende jierren skerp yn de gaten hâlden. Tusken no en 2012 wurdt nammentlik wurke mei in saneamd monitoaringsplan. Mei boatsjes wurdt it gedrach fan skippers yn it Waadgebiet yn de gaten hâlden. Doel is om te sjen oft it gedrach fan skippers beynfloede wurde kin, sadat der minder ferstoaring fan de natuer plakfynt.

De provinsje Fryslân draacht in lytse ton by yn it plan dat meielkoar in lytse miljoen euro kostet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)