Kontrôle sintrale Burgum

14 feb 2006 - 10:00

Ien fan de elektrisiteitssintrales yn Burgum krijt op it stuit in grutte kontrôlebeurt. Dêrby is ekstra omtinken foar de liedings dêr't de stoom trochhinne rint om enerzjy op te wekken. Ein ferline jier ûntplofte der yn de oare sintrale, Bergum 20, sa'n lieding troch slitaazje. De kontrôle fan Bergum 10 stie al yn de planning, mar de liedings krije ekstra oandacht.

By de ûntploffing ferline jier rekke ien wurknimmer lichtferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)