Kontrôle op tattoeaazje-inkt

11 mrt 2004 - 00:00

Yn de Warenwet is fêstlein dat kontrôle komme sil op skealike kleurstoffen yn tattoeaazje-inkt. Yn de tattoe-brânzje binne se dêr min oer te sprekken. De kontrôle soe in ferkapte foarm wêze fan it regulearjen fan de merk.

Minsken dy't tattoeaazjes oanbringe moatte dan har inkt ynslaan by in djoerdere Nederlânske gruthannel om't de bûtenlânske net oan de Nederlânske noarm foldocht. Dat soe yllegale tattoeaazje yn de hân wurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)