Kontrôle op starttiden Slachte

11 jun 2008 - 12:18
  • Start Slachtemaraton 2004

De organisaasje fan ´e Slachtemaraton sil sneon strang optrede tsjin kuierders dy´t har net oan ´e starttiid hâlde. By foarige edysjes waard fleksibel omgien mei de starttiid. Dêrtroch wie yn 2004 de start in oere earder klear as yn it draaiboek stie.

Neffens foarsitter Bangma fan ´e Slachtemaraton wie dat ien fan ´e oarsaken dat it de foarige kear misgie by de finish. Dit jier moat elts him dêrom oan de starttiid hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)