Kontrôle op Slachtetille

11 mrt 2010 - 14:34
  • De Slachtetille

It Fryske Gea kontrolearret de kommende tiid op fytsers en minsken mei hûnen op de Slachtetille. Dat is de brêge dy't twa jier ferlyn oer de autodyk A31 oanlein is tusken Frjentsjer en Harns foar de Slachtemaraton.

Inkeld kuierders meie deroer, mar dat giet net altyd goed, ek al binne der stekken delset en stiet dúdlik oanjûn dat allinnich kuierders wolkom binne. It Fryske Gea sjocht der no mear op ta, mar sil gjin boetes útdiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)