Kontrôle op 'pimpte' auto's

29 nov 2008 - 13:44

De plysje yn Ljouwert hat freedtejûn in ferkearskontrôle holden, rjochte op bestjoerders mei saneamde 'pimpte' auto's. It giet dan om in groep flugge riders, dy't geregeld byinoar komme op de Junokade yn de stêd.

Doel is dat se mei in soad faasje troch Ljouwert ride. De plysje naam fjouwer rydbewizen yn beslach. Op de Anne Vondelingwei waard in automobilist oanholden mei 182 kilometer op de teller, wylst hjir santich kilometer tastien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)