Kontrôle op MCADD by poppen

02 okt 2003 - 00:00

Alle poppen dy't de kommende twa jier berne wurde yn Fryslân, Grinslân en Drinte, sille by wize fan proef kontrolearre wurde op fjouwer syktes ynstee fan trije. Dy fjirde sykte is de seldsume stofwikselingssykte MCADD.

De sykte komt mar by ien op de 12.500 poppen foar. Dochs is it wichtich derop te kontrolearjen om't de sykte deadlik wêze kin. As de proef yn it Noarden goed slagget, wurdt de screening op MCADD yn it hiele lân trochfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)