Kontrôle op lúksefersom

09 okt 2008 - 10:01

Learplichtamtners fan de gemeente Ljouwert kontrolearje ynkoarten ekstra op lúksefersom. Hieltuyd faker komme bern net op skoalle omdat se bygelyks op fakânsje binne. Soks mei allinne as de âlden fanwege it wurk net op normale tiden fuort kinne en as it haad fan de skoalle tastimming jout.

It lúksefersom komt hieltyd faker foar. De gemeente kontrolearret dit jier ekstra, te begjinnen mei de hjerstfakânsje. Alden riskeare in boete fan op syn meast 500 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)