Kontrôle op kondooms

06 feb 2009 - 18:07

De GGD wol mei in spesjale aksje mear omtinken freegje foar feilich frijen. It safe-sex-team fan 'e sûnenstsjinst is freedtejûn op 'en paad yn it Ljouwerter útgeanslibben. Se sille dêr freegje oft de jongerein ek in kondoom by har hat. De gegevens wurde brûkt foar in lanlik ûndersyk.

De kommende nacht is it De Nacht fan it Kondoom. Wa't dan gjin kondoom by him hat, krijt ien fergees fan 'e GGD. Dy't wol ien hat, makket kâns op in romantyske nacht op in skyhelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)