Kontrôle op hurdriderij

31 aug 2012 - 10:11

De plysje hat tongersdei op twa plakken yn Boarnsterhim kontrolearre. Dat waard dien op plakken dêr't wol gauris klachten fan omwenners komme.

Yn It Leechlân by Grou waarden 557 bestjoerders kontrolearre. Dêrfan rieden 58 hurder as de tastiene 80 kilometer. Op Jinshuzen by Terherne wiene 48 fan de 504 bestjoerders fout. De fluchste ried oer It Leechlân mei 118 kilometer yn de oere, dêr't 80 mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)