Kontrôle op fytse op kuierpaden

25 jan 2006 - 13:55

De plysje yn Drachten hat yn desimber ferline jier 139 bekeurings útskreaun yn it ramt fan it projekt 'Stap van je fiets dan kost het je niets'. De kontrôles waarden holden yn it sintrum fan Drachten. Yn ferliking mei eardere kôntroles is der in ôfname fan 55%.

De plysje is bliid mei de útkomsten. De kôntroles binne útfierd yn gearwurking mei de bysûndere opspoaringsamtner fan de gemeente Smellingerlân. It projekt sil in trochrinnend karakter krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)